Life is beautiful het motto van Alice

LIFE IS BEAUTIFUL

met
Klaasje Postma - spul
en
Pauli Yap - piano

Jannewaris & febrewaris 2017
Jopie Huisman Museum yn Warkum.
Kaarten: www.tagongsbewiis.nl

Life is Beautiful

LIFE IS BEAUTIFUL komt nei 45 foarstellings en mear as 6000 besikers no út op in hiel bysûndere lokaasje:

LIFE IS BEAUTIFUL giet oer de âldste oerlibjende fan de Holocaust. De 110 jierrige Alice Herz-Sommer dy’t twa jier ferlyn stoar. In unike frou dy’t tanksij har muzyk en optimisme it konsintraasjekamp Theresienstadt (Terezin) oerlibbe.

Of zoals een bezoeker schreef: “Een voorstelling over de onvoorstelbare levenskracht van een onvergetelijk mens”

Klaasje Postma fertelt en spilet it oangripende libbensferhaal fan Alice Herz-Sommer. Pauli Yap frisselt wurken fan Bach, Beethoven Schumann en Chopin troch it stik. Komposysjes dy’t Alice sels spile op wrâldnivo.

LIFE IS BEAUTIFUL is in persoanlik stik oer de frijheid om te kiezen, fertriet, optimisme, tankberens en humor.

LIFE IS BEAUTIFUL wurdt spile yn it Frysk, mei inkelde koarte passaazjes yn it Nederlânsk èn yn begryplik Dútsk en Ingelsk.

Klaasje Postma


INISJATYFNIMMER, TEKSTSKRIUWER EN SPILER

ILife is Beautiful Klaasje Postma Alice Herz Sommern artikel oer Alice Herz-Sommer út de LC yn 2007 lit my net los. In frou dy’t tanksij har pianospyljen it konsintraasjekamp oerlibbet. Se hat humor, se is nijsgjirrich, optimistysk en tankber “for everything”. Mei har libbensmotto ‘Life is beautiful’ wurdt se 110 jier. Op 23 febrewaris 2014 is Alice ferstoarn.
Alle kearen as ik, fol bewûndering oer har “veerkracht” fertelle wol, sjit ik fol. It is dúdlik: Ik wol in foarstelling oer dizze frou meitsje en oer krêft fan de muzyk. Want muzyk giet fierder as hokker foarm fan keunst dan ek, seit se.
Alice Herz-Sommer is in Joadske frou, sûnder religy, “Bach ist God”.

Yn de kroech yn Jorwert kom ik Pauli Yap tsjin. Sy wit alles fan dy muzyk en boppedat is sy in geweldige pianiste en it klikt tusken ús.
Ik begjin materiaal te sammeljen, ik lês boeken oer Alice Herz-Sommer.
Reizgje nei Praach en Theresienstadt (Terezin).
Ynienen wurdt it echt.

Myn libbensmotto:
“Libje sûnder haat, fan haat komt haat”.

Pauli Yap


PIANO

Als 7-jarige huppelde ik touwtjespringend elke week naar en van pianoles. Die eerste liefde, het pianospelen, is sindsdien altijd bij me geweest.
Het is dan ook niet verwonderlijk dat Klaasje en ik in een zeer geanimeerd gesprek raakten over het levensverhaal van pianiste Alice Herz-Sommer.
Ik had niet eerder van haar gehoord, was blij dat Klaasje me over haar vertelde. Inderdaad in de kroeg in Jorwert, op kerstnacht, na afloop van een koorconcert dat ik daar dirigeerde.

De levensvisie van Alice en haar karakter ‘raken’ me. Haar wilskracht, haar talent, haar scherpe geest, nieuwsgierigheid, humor en speelsheid, haar discipline, zelfinzicht, geduld en bescheidenheid en... haar oneindige liefde voor de muziek.

Mijn levensmotto?
Dan citeer ik graag Alice: Muziek maakt ons mensen rijk. “It brings you home”.